Alles oer Dokkum
NederlandsDuitsEngels
Nieuwe encyclopedie van Fryslân voor slechts € 29,90 incl. verzenden!

Aanbieding: Nieuwe encyclopedie van Fryslân voor slechts € 29,90 incl. verzenden!

Bijna 8 kilogram aan kennis over Friesland! Wees er snel bij want op is op.

De Nieuwe Encyclopedie van Fryslân is een onmisbare aanvulling in de boekenkast voor iedereen die gek is van Fryslân en meer wil weten van deze provincie. Op 15 september 2016 verscheen de vierdelige encyclopedie die rond de 3000 pagina’s telt, 11.0000 trefwoorden bevat en ruim 8 kilo weegt. De encyclopedie staat bomvol actuele kennis over Fryslân en is een echte pageturner geworden.

Voor al diegenen die dit standaardwerk over Fryslân altijd al hadden willen hebben! Nu voor een wel heel speciaal prijsje! Maar let op! Op = Op!

| Prijs inclusief verzenden: € 29,90

Alles oer Dokkum


Deel:

-

-

Dokkum

Dokkum

Dokkum, de meast noardlike stêd fan Nederlân en ien fan de âldste fan de Fryske Alvestêden. De stêd wurdt meastal direkt assosjeard mei Bonifatius, dy’t hjir yn 754 fermoarde waard. Mar Dokkum is mear, folle mear! Yn dit prachtich bewarre bleaun festingsstedsje is it rike ferline noch dúdlik te sjen en te fielen. De stêd hie oant yn de achttjinde ieu in direkte ferbining mei de see en wie lang in belangrike havenstêd. Oan de eardere haven, het Grutdjip, docht it Admiraliteitshûs tinken oan de tiid dat de Admiraliteit fan Fryslân en Grins, de doetiidske marine, yn Dokkum festige wie. Tsjintwurdich herberget it monumintale pân in museum dat in besite mear as wurdich is. Tsjinoer it tige bysûndere stedhûs leit it Lytsdjip, it ferneamde kearpunt in de Alvestêdetocht.

Jo kinne de stêd prima op eigen houtsje ferkenne. Dwaal by de grachtsjes del, troch steechjes en oer de bolwurken en genietsje fan de unike sfear. It histoaryske karakter giet tegearre mei it libbene fan in moderne winkelstêd. Jo sille fersteld stean fan it fariearre en ferrassende winkel oanbod en it ferskaat oan lunchrooms, kafees en restaurants. De stêd hat dêrneist ferskillende galerys en musea, in teater, in bernebuorkerij en in subtropysk swimbad. Dokkum is ek in hiel beste útfalsbasis foar it ûntdekken fan de skitterjende omjouwing.

Direkt súdlik fan de stêd begint it unike kûlisselânskip fan de Noardlike Fryske Wâlden, dat oanwiisd is as Nasjonaal Lânskip. En noardlik leit it wiids, iepen seeklaailânskip mei âlde diken, terpen en prachtige autentike doarpkes. Nasjonaal Park Lauwersmar leit op fytsôfstân en in dei Amelân of Skiermûntseach is út Dokkum wei maklik te dwaan.

© FrieslandWonderland

Histoarje fan Dokkum

Dokkum is ien fan de âldste stêden fan Fryslân. Yn 754 waard de Angelsaksyske misjonaris Bonifatius by Dokkum fermoarde. Al gau kamen der beafeartsgongers nei dit martlersplak.

De terpedelsetting hie troch it Djip in iepen ferbining nei see en ûntwikkele him yn in flot tempo as hannelsplak. Yn de 11e ieu mocht Dokkum sels munt slaan. Oan it ein fan de 13e ieu hie it in eigen stedsbestjoer. Yn de 15e ieu kamen der wâlen om de stêd hinne en ein 16e ieu wie it in regelmjittige bastionearre festing. De festingwâlen wurde al sûnt lange tiid brûkt as kuierpaden om Dokkum hinne. De frijwol regelmjittige seishoeke mei op de hoeken dwingers is foar in grut part rekonstruearre. Oan de eastkant binne de wâlen leech, mar it Noorder-, Parkster- en foaral it Westerbolwurk hawwe hege wâlen, dêr ‘t de Dokkumers har feilich efter fielden. Op de westlike dwinger en Zuiderdwinger ferheffe har mûnen. It binne achtkante boppekruiers op hege ûnderbouwen mei stellingen. Zeldenrust, in nôt- en pelmûne, datearret út 1862 en nôtmûne De Hoop is fan 1849.

De Zijl midden yn Dokkum is in brêgeplein; der hat in slûs lein út 1583 dy ‘t yn 1757 noch ris fernijd is. Oan de Zijl stiet it âlde stedshûs oan de Suupmarkt. De kelders dogge noch tinken oan in eardere stins. Yn 1608 is hjir in ryk foarmjûn stedhûs boud. Om 1800 hinne is it ferboud ta it gebou mei it strange hjoeddeiske uterlik. Út de renêssânsetiid restearret in skitterende skou en it ferware Justitiabyld. De riedsealfleugel kaam yn 1763 ta stân. Útwindich ienfâldich, mar ynwindich yn sjarmante rokokostyl mei grutte allegoaryske skilderingen. Oan de súdwestkant fan de Zijl stiet in trijetal prachtige pânen út 1622. It hoekpân hat oan beide kanten in treptop. Dêrnjonken in hûs mei ferdjippe finsternissen en it tredde, it smelste, hat de fraaiste fersierings boppe de finsters: akkoladefoarmen yn maniëristyske styl.

It Admiraliteitshûs, no museum, stiet wat ferskûle tusken Diepswal en Oosterstraat yn. De Fryske admiraliteit waard yn 1597 húsfeste yn in stins en yn 1618 waard der nij boud. It is ûnderwilens wol feroare. De fan reade stien mitsele gevels binne wat libbener makke mei sânstiennen details en sierankers. Oan de túnkant stiet de oarspronklike tagongspartij. It waachgebou stiet midden op de Grote Breedstraat, in frijsteand bouwurk fan twa lagen heech en fersierd mei pilasters en kúfstikken mei de wapens fan Dokkum en Fryslân.

Fan het Diep ôf is yn de Hoogstraat it hichteferskil fan de terp goed te fernimmen. Healwei stiet de yn 1869 troch P.J.H. Cuypers ûntwurpen neogotyske roomsk-katolike Sint-Martinustsjerke, ek noch tawijd oan Bonefatius en Gezellen. Oan de súdeastkant fan de Markt stiet de Herfoarme tsjerke. Sy is yn de 15e ieu ta ferfanging fan in âldere tsjerke boud. Skip en beuk binne ynwindich mei rûne kolommen fan elkoar skieden. It tsjerklik meubilêr is oerdadich fersierd mei rokoko snijwurk. Oan de oare kant fan de wjerynrjochte Markt steane twa ynstellings foar woldiedigens njonken elkoar. It eardere Weeshûs falt troch syn eigensinnige neoklassicistyske uterlik it meast op. It yn 1839 stichte Sint-Laurentiusgasthús hat in wat rêstiger arsjitektuer. Oan de Legeweg stiet efter de roailine it plechtige neoklassicistyske front fan de tsjerke (1852) fan de Verenigde Christelijke Gemeente, in bruorskip fan menisten en remonstranten. De foarnaamste huzen steane oan de kaden fan Grootdiep en Kleindiep, mar ek oan de Grote Breedstraat, Hogepol, Legeweg en Koornmarkt binne kreas fersoarge wenningen te finen.

Fuort súdlik fan de binnestêd leit – fol mei leginden – de Bonifatiusboarne, dy ‘t yn 1884 in pomp mei in sierfaas krige. Yn 1925 waard by de boarne in útstrekt prosessypark oanlein en der kaam yn 1934 in diels oerkape kapel ta stân yn neoromaanske styl. Dokkum siet oan it begjin fan de 20e ieu klem tusken syn wâlen. De earste folkshúsfesting kaam yn ‘e binnestêd. Nei wat anneksaasje koe de súdlike útfalsdyk Woudweg, stâl krije mei rigen fariearde filla’s en boargerswenten mei ek it fraaie folkshúsfestingskompleks fan it Bonefatiusplein en omjouwing. Nei de oarloch is Dokkum oan alle kanten flink wat útwreide, benammen oan de noard-, súdeast- en eastkant.

Tekst: © NoordBoek - Peter Karstkarel • Foto: © FrieslandWonderland

Webshop

Mogelijk hebben de volgende produkten uit onze webshop ook uw interesse. Deze produkten worden u aangeboden in samenwerking met diverse uitgeverijen, erfgoedinstellingen en fotografen.

Dantumadeel in de atlas van Schotanus

Dantumadeel in de atlas van Schotanus

Oostdongeradeel in de atlas van Eekhoff

Oostdongeradeel in de atlas van Eekhoff

Oostdongeradeel in de atlas van Schotanus

Oostdongeradeel in de atlas van Schotanus

Westdongeradeel in de atlas van Eekhoff

Westdongeradeel in de atlas van Eekhoff

Molens in Dokkum

Molens in Dokkum

IJsfontein Dokkum

IJsfontein Dokkum

Categorie: boeken

Bierbrouwen in Dokkum - sinds 754

Bierbrouwen in Dokkum - sinds 754

In Dokkum wordt weer Bonifatiusbier gebrouwen en op de markt gebracht. De geschiedenis van het Dokkumer bier lijkt de geschiedenis van de stad Dokkum, want het brouwen en drinken van bier is bijna zo

... lees meer

Prijs: € 25,00


Categorie: boeken

De wandeltocht der wandeltochten

De wandeltocht der wandeltochten

Elfstedenpad 283 km

Gebruikmakend van voormalige jaagpaden en kerkenpaden, van eeuwenoude grasdijken, van veelbetreden handelswegen, zijn routemakers Johan Vellinga en Broer Adema erin geslaagd de

... lees meer

Prijs: € 18,70


Categorie: boeken

Elf steden 11 verhalen

Elf steden 11 verhalen

Frisian Colorists & Restorers ziet het als hun missie om de mooie, oude tradities van hun vak door te geven aan een nieuwe generatie. In het kader van LF2018 maakten zij daarom een uniek prentenboek

... lees meer

Prijs: € 16,00


Categorie: boeken

Pake syn wein - leverber nei 26 oktober 2019

Pake syn wein - leverber nei 26 oktober 2019

Tussen 1906 tot 1951 hadden alle motorvoertuigen een provinciaal kenteken. In Friesland begonnen die met de letter B. Tresoar maakte een website rond alle deze ruim 41.000 uitgegeven B-nummers. Het pu

... lees meer

Prijs: € 19,50